et les écrivains Frisons protester serraient
dans Iepen brief - lettre ouvert de Frisons
écrivains publice par Leeuwarder Courant;
21 Schrijvers op bres voor Ayaan Hirsi Ali;
It Nederlânske kabinet hat besletten om
de befeiliging fan Ayaan Hirsi Ali op 1 okt.
ober 2007 net mear te bekostigjen.
Texte complement sur http://willemschoorstra.web-log.nl/opium_foar_t_folk/2008/01/fjoe.html
Mei dit brief wolle wy, Fryske skriuwers, mei klam tsjin dit beslút protestearje.
Wy fine it beslút yn it foarste plak ûnakseptabel omdat it kabinet in Nederlânske steatsboarger, Ayaan Hirsi Ali, op dizze wize ûnnedich grut gefaar rinne lit. Ayaan Hirsi Ali is in frou mei in miening. Dy miening hat se troch de jierren hinne tige kenber makke. Dêr kin men it mei iens wêze of net; dat is de frijheid dy’t elkenien hat. Sa’t Hirsi Ali it rjocht hat om harsels te uterjen. Fanwegen har frijmoedige krityk op religieuze slettenens is hja al faak bedrige. Dat sokke drigementen ferskriklike gefolgen hawwe kinne, bewiist de dea fan skriuwer en filmer Theo van Gogh.
Mar wy fine it beslút ek ûnakseptabel omdat it gefal Ayaan Hirsi Ali op sa’n eksimplaryske wize it rjocht op frije mieningsutering fertsjintwurdiget, ien fan de kearnwearden fan in frije, demokratyske maatskippij. De oerheid fan in frije demokrasy hat de plicht om noed te stean fan de ferkundigers en ferdigeners fan it frije wurd: keunstners, opinymakkers; elkenien dy’t him yn de iepenbierens uteret. As it Nederlânske kabinet de befeiliging fan Hirsi Ali net mear bekostigje wol, jout it in ferkeard sinjaal ôf en ûndergraaft it de demokrasy.
Wy roppe it kabinet dan ek op om syn ferantwurding te nimmen en wer jild frij te meitsjen om Ayaan Hirsi Ali de beskerming te jaan dy’t se spitigernôch nedich hat.
Wobbe Atsma
Joop Boomsma
Ulke Brolsma
Tsead Bruinja
Eppie Dam
Koos Dalstra
Josse de Haan
Jouke Hylkema
Eric Hoekstra
Ytsje Hoekstra
Simen de Jong
Aggie van der Meer
Jelle van der Meulen
Huub Mous
Teake Oppewal
Willem Schoorstra
Meindert Talma
Jabik Veenbaas
Abe de Vries
Geart de Vries
No comments:
Post a Comment